Bobsliders bliid mei 11e plak

23 feb 2014 - 13:11

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is snein mei stjoerman Edwin van Calker en remmers Bror van der Zijde en Arno Klaassen as alfde einige yn de fjouwermansbob by de Olympyske Spelen yn Sotsji. De Nederlânske bob stie nei twa races op sneon op it tolfde plak.

Op de slotdei fan de Spelen wist it fjouwertal noch in plakje te klimmen. De lêste race gong net hielendal sûnder flaters, wêrtroch Nederlân mar krekt de Amerikaan Nick Cunningham efter him hâlde koe. It ferskil wie ien hûndertste.

De Rus Aleksandr Zoebkov pakte it goud mei de fjouwermansbob. It sulver wie foar Oskars Melbardis út Letlân, it brûns gong nei de Amerikaan Steven Holcomb.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)