Tsjûgen mishanneling socht

23 feb 2014 - 12:56

In 22-jierrige man út Ljouwert is sneontenacht it slachtoffer wurden fan in groep manlju dy't him besocht te berôvjen. De man rûn om healwei fjouweren Oer de Kelders doe't er in groep jonges seach. Ien út de groep kaam op him ôf en joech him in fûstslach.

Doe't it slachtoffer besocht út te naaien fia it Naauw, waard er troch in oar groepslid pakt. De jonge waard ferskate kearen slein en trape en hy moast syn pinkoade jaan. Nei't er dy jûn hie, naaiden de jonges út.

It is net bekend oft de dieders wat meinommen hawwe. De 22-jierrige man rekke ferwûne en is syn bril troch de mishanneling fernield. De plysje is op syk nei minsken dy't tsjûge wienen fan de mishanneling of mear witte oer it foarfal.

Trefwurden: 
plysje mishanneling berôving
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)