Fúzjefeest katolike tsjerken

23 feb 2014 - 12:21

Yn de katolike St. Franciscustsjerke fan Boalsert is sneintemoarn de fúzje fan de fjouwer parochys fan Makkum, Wytmarsum, Warkum en Boalsert fierd. Op 1 jannewaris waarden de fjouwer parochys fusearre ta de Zalige Titus Brandsmaparochy.

Mistsjinners en akoliten fan de parochy assistearren de biskop by de mis. Ek ferskate koaren, wêrûnder in bernekoar, songen op it fúzjefeest. Dizze snein wie útkeazen om't 23 febrewaris de bertedei is fan pater Titus Brandsma.

Foarich jier fusearren al de parochys fan Dronryp, Frjentsjer, Harns en Sint Anne ta de nije parochy 'Hillige Jakobus de Meardere'. Fan de 84 parochys dy't it bisdom Grins-Ljouwert earder hie, moatte der yn 2018 njoggentjin oerbliuwe. Der binne hieltyd minder leden en dêrom is der ek minder jild. Troch de fúzjes wol it bisdom de bestjoerskrêft fan de parochys ferstevigjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)