Fjochtpartij yn Appelskea

23 feb 2014 - 12:06

By in bar oan de Broerestreek yn Appelskea hat sneontenacht in fjochtpartij west tusken twa manlju út Smilde en Easterwâlde. Se hiene binnendoar spul meielkoar krigen. Doe wiene se bûten de doar set, mar dêr gong de rûzje fierder.

De man út Easterwâlde soe dêrby slein wêze troch de man út Smilde. De 21-jierrige man út Smilde is oanhâlden troch de plysje en yn de sel setten. De plysje ûndersiket noch wat der no krekt bard is.

Trefwurden: 
plysje fjochtpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)