Man mei bile oanhâlden

© sxc stock exchange, Peter Huys
Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in man mei in bile oanhâlden. De man hie yn in kafee spul krigen mei syn freondinne. Dêrnei soe de man ek nei har hûs gien wêze.
Doe't de plysje dêr kaam, hie de man de bile net by him, mar letter die bliken dat hy dy koart dêrfoar op in dak smiten hie. De plysje koe de bile weromfine en hat him yn beslach nommen. De man is meinommen en yn de sel set.