Follybalfroulju Snits finalist

22 feb 2014 - 22:37

De follybalsters fan Snits spylje snein de finale om de lanlike follybalbeker tsjin Peelpush út Meijel. Yn de heale finale rekkenen de froulju fan coach Petra Groenland sneontejûn yn Zwolle ôf mei regearend lânskampioen Sliedrecht Sport. De Snitser froulju pakten de earste twa sets: 25-17 en 30-28. Mei 25-18 en 25-16 luts Sliedrecht Sport, dit seizoen koprinner yn de earedivyzje, de wedstriid wer yn it lykwicht. Yn in hiele spannende beslissende fiifde set gong de winst mei 15-13 nei Snits. De finale begjint snein om 15.30 oere.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)