Lykspul foar Drachtster Boys

Drachtster Boys hat sneon mei 2-2 lykspile tsjin koprinner ACV. De Drachtsters begongen sterk oan de wedstriid. Nei 34 minúten kopte Willem den Hartogh in frije traap binnen en soarge dêrmei foar de ferrassende iepeningstreffer.
Nei rêst wreide Sicco Bouwer de foarsprong foar de ploech fan trainer Fred de Boer fierder út nei 2-0. Yn de 68e minút soarge ACV foar de oanslutingstreffer. Lang liken de Drachtsters ôf te gean op in oerwinning, mar yn de slotminút makke de koprinner dochs noch de lykmakker.
Drachtster Boys komt troch it lykspul op 21 punten út 18 wedstriden yn de haadklasse C.