Ek de froulju pakke it goud

22 feb 2014 - 16:25

Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Jorien ter Mors hawwe sneon krekt as de manljusploech mei oermacht it Olympysk goud pakt op de ploege-achterfolging yn Sotsji. Yn de finale wûnen de Nederlânske froulju yn in nij Olympysk rekôr fan 2.58,05. De Poalske froulju klokten in tiid fan 3.05,55, goed foar it sulver.

It brûns gong nei Ruslân mei Olga Graf, Yekaterina Lobysheva en Yuliya Skokova, dy't yn de B-finale rapper wienen as Japan mei Misaki Oshigiri, Maki Tabata en Nana Takagi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)