Reaksje Anema op beslút Jorrit

22 feb 2014 - 16:08

Coach Jillert Anema hie in jier lyn al oankommen sjoen dat syn pupil Jorrit Bergsma reserve wêze soe op de ploeche-efterfolging yn Sotsji. Bergsma is sneon in pear oeren foar de finale op de Olympyske Spelen út de ploech stapt.

Anema krige freedtejûn in smske fan Bergsma mei de meidieling dat er net mear meidwaan woe. De coach hat him der fierder net mei dwaande holden. 'Ik haw Jorrit nei de 10 kilometer oerdroegen oan Arie Koops', seit er.

Geert Kuiper, fan de TVM-ploech, fynt it spitich dat it sa rûn is, mar kin der fierder net safolle mei. 'De opstelling hat in beslissing fan Koops west, wy hawwe der neat mei te krijen hân.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)