Kuiertocht 750 Fryske skouts

© Gert Feenstra
Sa'n 750 Fryske skouts hawwe hjoed meidien oan in kuiertocht troch de Griene Stjer by Ljouwert. It gong om de saneamde Baden-Powelltocht. Dat is in tocht dy't alle jierren hâlden wurdt, om de grûnlizzer fan it skouting te betinken.
De skouts moasten kaartlêze, opdrachten dwaan by ferskate posten en mei in toubrêge it wetter oerstekke. De tocht is alle jierren op in oar plak yn de provinsje. Diskear wie de skoutinggroep fan Ljouwert oan bar om de organisaasje te dwaan. Skoutinggroep Burmania fan Ljouwert bestiet al 85 jier.