Kommoasje buorden Aldeboarn

Yn Aldeboarn is argewaasje ûntstien oer de nije plaknammebuorden dy't dêr ferline wike delsetten binne. Al yn 1989 is de Fryske namme as offisjele namme ynfierd, mar op it nije boerd stiet earst de Nederlânske namme Oldeboorn en dêrûnder de Fryske namme Aldeboarn.
Aldeboarn heart troch de opheffing fan Boarnsterhim sûnt 1 jannewaris by de gemeente Hearrenfean. De FNP-fraksje yn dy gemeente hat fuortdaliks skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan b. en w. Yn de gemeenteried is foarôf nea praat oer feroarings fan de plaknammebuorden.
Offisjele antwurden op de fragen binne der noch net, mar it liket der op dat der in flater makke is by it bestellen fan de nije buorden. Yntusken binne de buorden wer fuorthelle. De âlde, besteande, buorden binne op âldjiersnacht meinommen, nei alle gedachten troch minsken dy't in oantinken hawwe woenen oan de âlde gemeente.