Looijenga wint Frysk Diktee

André Looijenga hat freedtejûn it Grut Frysk Diktee fan Skanomodu wûn. Hy makke 9 flaters. It is de twadde kear op rige dat Looijenga de bêste wie.
Skanomodu, de stúdzjeferiening fan Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins, hat it diktee no fjouwer kear útskreaun. Jan Ybema hat de earste twa edysjes wûn. Hy waard no twadde mei 13 flaters.
Yn trochsneed makken de dielnimmers 27 flaters.