Sotsji, dei 16: ploegefinales

Noch twa dagen en dan binne de Olympyske Spelen yn Sotsji foarby. Mar earst is der sneon noch kâns op twa medaljes op de ploege-achterfolging. De frouljusploech sil earst besykje om de finale te berikken. De striid fan Ireen Wüst, Jorien ter Mors en Marrit Leenstra begjint om 14.30 oere, de finale folget om 16.15 oere. Lotte van Beek is yn de heale finale reserve.
Om 15.55 oere ride de ride manlju harren finale. De ploech, dy't bestiet út Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen, rydt tsjin Súd-Korea.
Oan 'e ein fan de middei komt dan ek einlik bobslider Sybren Jansma fan De Pein yn aksje. De fjouwermansbob mei Edwin van Calker oan it stjoer en remmer Jansma makket hjoed de earste twa runs. Moarn moatte se noch twa kear nei ûnderen.
Moarn yn it lêste berjocht mear oer it bobslydzjen.