Knegt: 'Dit is swier kloate'

21 feb 2014 - 20:03

Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma binne djip teloarsteld oer it soere fjirde plak op de ôflossing. Troch in falpartij fan Freek van der Wart spatte de dream op goud útinoar. Ek de striid om brûns waard ferlern fan Sina. 'Dit is swier kloate', liet Knegt witte. Hy wie boppedat teloarsteld dat er net as lêste rider yn aksje kaam.

Yn plak fan de Bantegeaster wie Breeuwsma slotrider. 'Dat is it domste watst dwaan kinst', fûn Breeuwsma sels. 'Ik bin it minst sterk fan ús allegear. Dit is in grutte klap. Wy hawwe fjouwer jier hurd wurke foar neat.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)