Wurkleazen opliede op werf

Op de Bargekop by Makkum moat de werf komme dêr't tradisjonele fiskersskippen restaurearre wurde kinne. It giet om it inisjatyf fan stichting WON. Dat hat as doel om op de werf in soarte fan opliedingssintrum te meitsjen foar jonge wurkleazen.
Al jierren wurdt der wurke oan de realisaasje fan de plannen. No bin de plannen klear en is it wachtsjen op de lêste hantekens.