Der is op it stuit brân by it âld-slachthûs fan Brada oan de Snekertrekwei yn Ljouwert. Neffens de brânwacht komt der wite reek út it gebou en rûkt it neffens tsjûgen nei plestik. Der is noch neat bekend oer de oarsaak.