Nederlân finalist efterfolging

Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij ha yn Sotsji foar Nederlân de finale helle fan de ploege-efterfolging. Yn de heale finale waarden de Poalske reedriders Zbigniew Brodka, Konrad Niedzwiedzki en Jan Szymanski mei grut ferskil ferslein. It Nederlânske trio ried 3.40.79, de Poalen kamen yn 3.52.08 oer de streek. Yn de finale nimt Nederlân it sneon op tsjin Súd-Koreä. De Koreanen wûnen fan Olympysk kampioen 2010 Kanada.