H'fean: problemen middenfjild

21 feb 2014 - 16:03

SC Hearrenfean hat sneon foar de thúswedstriid tsjin NAC Breda problemen op it middenfjild. Mar leafst trije middenfjilders dogge net mei omdat sy skorst binne. Joey van den Berg, Marten de Roon en Hakim Ziyech sitte op de tribune. Trainer Marco van Basten woe net sizze hoe't hy it middenfjild no ynfolle sil. Tsjin de middenfjilders oer stean wer wat fleuriger berjochten oer de ferdigeners. Mitchel Dijks, Arnold Kruiswijk en Kenneth Otigba kinne alle trije spylje. Van Basten woe fierder neat kwyt oer de basisopstelling.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)