Winst Nederlânske froulju

Nei de Nederlânske manlju binne ek Ireen Wüst, Jorien ter Mors en Lotte van Beek foar Nederlân de kwartfinale fan de ploege-efterfolging yn Sotsji maklik trochkaam. Amearika, mei Brittany Bowe, Heather Richardson en Jilleanne Rookard, waard mei rom ferskil ferslein: 2.58.61 om 3.02.21. De Nederlânske tiid betsjutte in Olympysk rekôr. Sneon ride de froulju de heale finale tsjin Japan. Marrit Leenstra is de reserve fan de Nederlânske frouljusploech.