Twadde Ice Challenge yn Thialf

IIsstadion Thialf krijt foar de twadde kear in Ice Challenge. Dêrby moatte minsken op bleatte fuotten ien kilometer oer iis hinne rinne. Op freed 28 maart hopet Wim Hof, The Ice Man, it rekôr fan ferline jier te ferbrekken.
Foarich jier dienen 361 minsken mei, dêr't in notearring yn it Guinness Book of Records mei behelle waard. Wim Hof wol besykje dat rekôr no te ferbrekken.