Sel foar mishanneling plysje

21 feb 2014 - 13:55

Tsjin de 20-jierrige man út Tollebeek dy't yn de âldjiersnacht yn Drachten in plysjefrou slim mishannele, is in selstraf fan in jier easke. Dêrfan binne trije moannen ûnder betingst, mei in proeftiid fan trije jier.

De man wurdt derfan beskuldige dat er besocht hat in amtner yn funksje swier te mishanneljen en te misledigjen. De eask is twa kear sa heech as gewoan, omdat it om in plysje-agint gie. De Grinslanner sit al sûnt nijjiersdei fêst. De útspraak is oer 14 dagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)