Eksposysje oer Cambuurtatoes

De klupleafde foar Cambuur yn Ljouwert sit djip en duorret in libben lang. Dat is te sjen op de foto's fan tatoes, dy't fans setten ha op harren lichem. Op dit stuit is der in eksposysje mei 30 foto's yn it supportershonk It Hertje yn it Cambuurstadion.
Fotograaf Ronnie Jilderda fan Ljouwert hat de foto's makke foar de tentoanstelling ''t Is de club waar je het voor doet'. Neffens de fotograaf woene de supporters graach meiwurkje oan it projekt. Se wolle sjen litte dat Cambuur alles foar harren betsjut.