Van Brakel yn basis Cambuur

Bart van Brakel spilet sneon yn de thúswedstriid tsjin Roada JC yn de basis. Van Brakel spilet foar de skorste El Makrini. Fierder lit trainer Dwight Lodeweges it alvetal stean. Martijn Barto spilet dus wer yn de spits. Michiel Hemmen hat noch altyd lêst fan de rêch. Hy sil yn de kommende wike nei it sikehûs foar neier ûndersyk. De oare spits, Ogbeche, is ek noch altyd blesseard. Roda JC is de nûmer lêst fan de earedivyzje. De Limboargers hawwe 4 punten minder as Cambuur. By winst dogge de Ljouwerters dus hiele goeie saken.