Japanske sensei yn Ljouwert
De belangrykste ynternasjonale grutmaster karate is dit wykein yn Ljouwert. It giet om de Japanske sensei Yoshimi Inoué. As coach hat er mar leafst 15 wrâldkampioenen op syn namme stean.
Inoué is foar it earst yn Nederlân. Hy is hjir op útnoeging fan de Ljouwerter karatelearaar Hendry Thamrin. Tongersdei hat de grutmaster training jûn oan de bêste karateka's.