De Fierlepper offisjeel iepene

Yn Froubuorren is freedtemoarn de gearwurkingsskoalle De Fierljepper offisjeel iepene. De skoalle mei 85 learlingen is ûnstien troch in fúzje fan de iepenbiere skoalle De Hânwizer en de kristlike skoalle De Barte. Apart fan elkoar hiene de skoallen gjin takomst mear.
De start fan de nije skoalle hat ferline jier west yn it gebou fan De Barte. Yn de tuskentiid is it gebou fan de Hânwizer útwreide. Oan de skoalfúzje is twa jier wurke. Ek yn Aldebiltsyl binne fiergeande plannen foar in gearwurkingsskoalle.