'Dellewal op Unesco-list'

21 feb 2014 - 07:42

De Dellewal op Skylge moat op de Unesco-list fan wrâlderfguod komme. In aksjegroep op it eilân hat dêrfoar tongersdeitejûn de plannen presintearre. Mei help fan crowdfunding wol de groep goed 7000 kante meter oan dúngebiet opkeapje om dat as natoergebiet yn te rjochtsjen. Dit moat inkele miljoenen euro's kostje, tinkt de aksjegroep.

Hotel Westcord hat lykwols ek plannen foar it terein en hat beslach lizze litten op de grûn. De aksjegroep neamt dat in saak tusken de ûndernimmer en de gemeente Skylge en giet gewoan troch mei jild ynsammeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)