Anema lêst Amearika de les

20 feb 2014 - 23:11

Reedrydcoach Jillert Anema hat namme makke yn Amearika. Yn in ynterview mei tv-stjoerder CNBC hie er gjin goed wurd oer foar de sportive prestaasjes fan de Amerikanen yn Sotsji oant no ta. Dat se gjin inkele medalje behelle hawwe by it reedriden hat neffens Anema neat te krijen mei it plak, mar mei de ynstelling fan de Amerikanen. Se wiene gewoan net goed genôch, sa liet er de ynterviewster witte. "Jim binne allinnich goed yn de sporten dy't jim sels betinke," sa sei er.

"Nim no American Football. Dat kinne jim goed, mar by it gewoane fuotbal steane jim net iens yn de top 30."

Sjoch hjir nei it ynterview fan tv-stjoerder CNBC mei Jillert Anema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)