Aris ferliest fan Den Bosch

20 feb 2014 - 22:47

De Ljouwerter basketballers fan Aris hat tongersdeitejûn ferlern fan Den Bosch. Nei fjouwer perioaden stie de einútslach fan 72-82 yn sporthal It Kealledykje op it skoareboerd. Aris koe fanwege blessueres gjin berop dwaan op trije spilers. Likegoed kamen de Ljouwerters yn it fjirde kwart noch knap tichteby, mei in tuskenstân fan 60-63. Mar úteinliks kamen de Ljouwerters dochs tekoart.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)