Plysje: glêdens falt ta

13 feb 2012 - 07:54

Mei de glêdens yn Fryslân falt it moandeitemoarn ta. Dat seit de plysje. Ferkear moat der wol rekken mei hâlde dat it ynienen glêd wurde kin troch it opfriezen fan wiete diken. Neffens de plysje hawwe der yn de moarnsoeren gjin ûngelokken west.

Sneintejûn wiene der op de A32 en de A7 troch izel wol tsientallen ûngelokken. Op de A32 tusken Ljouwert en Wolvegea rekken auto's fan de dyk ôf yn de fangrail.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)