'Buskosten skoalbern te heech'

De gemeente Skiermûntseach is op syk nei jild foar it ferfier fan skoalbern. De learlingen fan de boppebou HAVO/VWO moatte foar it ûnderwiis nei it Dockinga Kolleezje yn Dokkum. Hjirfoar wurde se alle dagen fan Lauwerseach nei Dokkum brocht mei in buske.
De kosten hjirfan binne jierliks 30.000 euro. In part derfân wurdt troch de âlden betelle, mar it grutste diel, sa'n 18.000 euro komt foar rekken fan de gemeente Skiermûntseach en dy wol dêr ôf. De gemeente hopet dat de provinsje Fryslân byspringe wol.