Blaaswiken yn Opsterlân

Fyftich bern binne de ôfrûne wiken yn Opsterlân yn 'e kunde kaam mei blaasmuzyk. Tongersdeitemiddei hawwe se in earste útfiering yn De Buorskip yn Beetstersweach. Dat is tagelyk ek de ôfsluting fan 'e blaaswiken. De bern spylje op trompet, bugel of kornet.
It inisjatyf foar de blaaspromoasje komt fan muzykferiening Euterpe út Beetstersweach yn gearwurking mei muzykskoalle Ars Musica. Euterpe hopet dat de bern kieze foar de muzykferiening. Se kinne de leden goed brûke.
Ferline jier hiene se deselde aksje. Dêrtroch krigen se fjouwer nije oanmeldings. Troch de nije leden kin Euterpe bestean bliuwe, seit diriginte Jitske Benedictus. It korps hat yn totaal fjirtich leden.