Kompjûterboete mei net

RDW © ANP
Wa't in ferkearsboete kriget dy't folslein automatisearre oplein is, kin dêr troch in útspraak fan it Ljouwerter gerjochtshôf mei súkses beswier tsjin meitsje. Neffens de wet kin allinnich in opspoaringsamtner in boete oplizze. Dat wie net it gefal by ien dy't in boete thússtjoerd krige foar in ûnfersekere auto. Dy boete wie feitlik troch de kompjûter oplein nei in registerkontrôle by de Rykstsjinst foar it weiferkear (RDW).
Dat kin net, sa hat it Ljouwerter gerjochtshôf tongersdei oardiele. De boete is ferneatige.