Wettersteuring yn Winsum
Yn Winsum, Wommels en omkriten hat tongersdei oan it begjin fan de middei koarte tiid in wettersteuring west. De oarsaak wie in lek yn in lieding oan de Froonackerdyk by Baaium. Om it lek ticht te meitsjen moast de lieding tydlik ôfsluten wurde. De wettersteuring ûntstie tongersdeitemiddei om sawat healwei ienen en wie nei twaën alwer foarby.