'Games gjin ferfanging terapy'

20 feb 2014 - 14:21

Serious games hawwe de takomst, mar moatte gjin ferfanging wêze fan in fysioterapeut. Dat seit Jurjen Ament yn reaksje op de ôfspraken fan soarchfersekerder De Friesland en it UMCG yn Grins mei Grendel Games. Sy wolle mear jild stekke yn de ûntwikkeling fan kompjûterspultsjes om soarch te bieden. Ament hat in fysioterapypraktyk yn Ljouwert en hy wurket ek mei serious games. Hy sjocht wol positive kanten fan de spultsjes, mar pasjinten kinne perfoast net sûnder fysioterapeut.

Yn Fryslân DOK fan takom wykein sjogge wy efter de skermen by de gaming yndustry. In bloeiende bedriuwstûke dy't jo op it earste each net ferwachtsje yn Fryslân. Te sjen op sneon 22 febrewaris om 10:25 oere en op snein 23 febrewaris om 15:25 oere op Nederlân 2 en sneintejûn op alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)