Oanhâldings oerfal Dronryp

De plysje hat twa fertochten oanhâlden foar de oerfal op in supermerk yn Dronryp fan ferline jier novimber. It giet om in 34-jierrige Ljouwerter en in 19-jierrige ynwenner fan Dronryp. De Ljouwerter soe op woansdeitemiddei 6 novimber in winkelmeiwurkster mei in fjoerwapen bedrige hawwe. Hy easke jild. Doe't er dat meikrige, naaide de man út. De 19-jierrige fertochte stie op de útkyk.
De Ljouwerter en de Dronrypster wurde elk ek fertocht fan ôfparsing. Se keazen as slachtoffers manlju mei in geastlike beheining út.
De Ljouwerter twong syn slachoffer oant twa kear ta ûnder bedriging fan in fjoerwapen jild te pinnen. De fertochte krige dêr help by fan in 21-jierrige Grinzer.
De 19-jierrige Dronrypster is neffens de plysje belusten by in oare ôfparsingssaak. Op 2 febrewaris fan dit jier soe er in man mei in geastlike beheining syn laptop en mobyl ôfpakt hawwe. Hy soe dêrby holpen wêze troch in 23-jierrige oare Dronrypster. De ôfparsing barde ûnder bedriging fan geweld.
De plysje kaam de fertochten op it spoar nei in melding fan bedriging yn in wenning oan de Tjipke Postmastrjitte yn Feanwâlden. De 34-jierrige Ljouwerter soe oare minsken yn de wenning mei in fjoerwapen bedrige hawwe. Dat wapen blykte itselde gewear te wêzen, as dat wat by de oerfal yn Dronryp brûkt wie.