Leenstra en Bergsma reserve

20 feb 2014 - 10:47

Marrit Leenstra en Jorrit Bergsma stean op de reservelist foar de ploege-achterfolging yn Sotsji dy't freed ferriden wurdt. It team bestiet út Ireen Wüst, Jorien ter Mors en Lotte van Beek. By de manlju dogge Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen mei. De winner fan de 10 km, Jorrit Bergsma fan Aldeboarn, is reserve.

It wie earst noch net dúdlik oft Ter Mors wol meiride soe, om't se freed ek de 1000 meter shorttrack ride sil. Ter Mors liet sels al witte dat se de rit ride sil as se dêrfoar ynpland wurdt. Dat is no it gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)