Masterplan Lemmer ûndertekene

Op 'e Lemmer is tongersdeitemoarn it Masterplan Lemmer ûndertekene. Mei it plan, dat diel útmakket fan it Frysk Marreplan, wurdt it wettersportdoarp foar 3 miljoen euro opkreaze foar toeristen.
Nei it farseizoen fan 2014 giet de skeppe de grûn yn en komme der nije foarsjennings en farferbinings. It sintrum fan De Lemmer wurdt ek werynrjochte. It wurk begjint nei de simmer en moat ein takom jier klear wêze.