Moandei de 100 fan Earnewâld

12 feb 2012 - 17:52

IIsklup Lyts Begjin yn Earnewâld organisearret moandei de natueriisklassiker 'De 100 fan Earnewâld'. De start en finish fan de wedstriid is yn it sintrum fan it doarp Earnewâld. De froulju starte om 9 oere, de manlju om 11 oere.

De 100 fan Earnewâld jildt as in topnatueriisklassiker. De wedstryd waard yn it ferline wûn troch ûnder oare Jeen Wester, Dries van Wijhe, Johan Wardenier, Hilbert van der Duim, Henk Angenent en Arjan Stroetinga.

De wedstriid giet allinnich troch as it waar it talit. Neffens Age Veldboom fan iisklup Lyts Begjin leit it iis der knap by en kin de wedstriid ek mei teiwaar trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)