Utslagen FK yndoor dressuer

Yn Snits waard dit wykein it Frysk kampioenskip yndoor dressuer ferriden. Yn de klasse L2 gong de winst nei Annette Verbeek fan de Dongerruters út Dokkum. By de M1 wie Sabien Mollema útkommend foar de Waardrúters út Makkum de bêste.
De titel yn de M2 wie foar Bennie van Es fan de Linderuters út Wolvegea. It earste plak yn de Z1 wie foar Harmina Holwerda mei Petrus Pj. By de Z2 gie de winst nei Saskia Meinema fan de Poptaruters út Menameradiel. De winst yn swierste klasse ZZ licht wie foar Lotje de Groot, fan de Jobbegeaster Expansieruters.