Games helpe yn de soarch

19 feb 2014 - 16:25

Kompjûterspultsjes binne de takomst fan de soarch. De games kin de kosten flink drukke. Dat tinkt Diana Monissen fan soarchferserkerder De Friesland. De fersekerder en it UMCG stekke dêrom jild yn it bedriuw Grendel Games fan Ljouwert. Dat bedriuw is drok dwaande mei it ûntwikkeljen fan saneamde 'serious games'. Sjirurgen kinne mei dy games bygelyks operaasjes simulearje.

Monissen sjocht ek mooglikheden foar âlderein. Dy kinne op ôfstân help krije fan bygelyks in fysioterapeut.

In oare game dy't neffens har ûntwikkele wurde moat is om bern te helpen dy't te swier binne. In game kin se helpe om yn beweging te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)