Plysje warskôget kroechbazen

De plysje warskôget foar Easteuropeanen, dy't har fertocht yn kroegen ophâlde. Dat is de ôfrûne wike foarkaam yn kafees yn Oentsjerk, Kollum, Aldwâld en Driezum. It giet hieltyd om trije manlju. Yn ien gefal is yn sa'n kafee letter de gokkast iepenbrutsen. Neffens de plysje giet it om in faker tapaste metoade, dêr't in lokaliteit yn it foar by ferkend wurdt. De manlju ride yn in VW Passat. De plysje freget minsken der om te tinken en de plysje te beljen as se wat fertochts sjogge.