Sinnepark op Harnzer Oostpoort

19 feb 2014 - 14:46

In groep bedriuwen wol op yndustryterrein Oostpoort yn Harns in sinnepark bouwe mei 3.000 sinnepanielen. Doel is om in koöperaasje op te setten dêr't bedriuwen en partikulieren yn de sinnegreide by partisipearje kinne. De inisjatyfnimmers tinke dat dit benammen nijsgjirrich is foar bewenners yn de Harnzer binnenstêd. Yn dat gebiet ha guon gebouwen in monumintale status dy't it pleatsen fan sinnepanielen net tastiet.

It is net bekend watfoar bedriuwen oft der achter it plan sitte. Wol binne troch de provinsje, de stifting Synnovem en Waddenstroom al ûndersiken dien nei de helberheid fan it park. Doel is om noch dit jier de earste sinnepanielen del te setten. Meikoarten komme de ynvestearders fan it park nei bûten en kin der ynskreaun wurde foar partisipaasje yn it park.

Trefwurden: 
Harns sinnepaniel sinnepark
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)