Soad ynbraken yn Drachten

19 feb 2014 - 14:16

Drachten hat te krijen mei in soad ynbraken. Dit jier is al 43 kear ynbrutsen yn ferskate wenwiken. Benammen de wiken De Venen, De Singels en de Drait krije faak besite fan dieven. Ein jannewaris is in 23-jierrige Grinzer oanhâlden op fertinking fan goed tweintich fan dizze ynbraken. Nettsjinsteande de oanhâlding giet it tal wenningynbraken noch altyd omheech. De plysje ropt ynwenners fan Drachten op om ekstra wach te wêzen.

Trefwurden: 
Drachten plysje dieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)