Rappe riders op de bon

19 feb 2014 - 13:56

De plysje hat tiisdeitemiddei en tiisdeitejûn mear as twahûndert hurdriders op 'e bon slingere yn Drachten. By Nijtap binne 110 bonnen útskreaun foar rappe riders. Op de Lange West binne 101 automobilisten beboete. Op dizze dyk is sels 92 kilometer metten, dêr't 50 kilometer tastien is. De kontrôles wienen it gefolch fan in soad klachten oer dat fierstente hurd riden wurdt.

Trefwurden: 
Drachten plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)