Skoalbern op FK achterfolging

Goed 240 skoalbern fan 80 Fryske basisskoallen dogge woansdei yn Thialf op It Hearrenfean mei oan de earste edysje fan it Frysk kampioenskip ploege-achterfolging. Bysûnder oan dit kampioenskip is dat it giet om in gearwurkingsferbân tusken de iishal fan Ljouwert en Thialf. Beide iishallen wolle de bern entûsjast meitsje foar it reedriden.
It is dizze winter drok op beide iisbanen, om't it net echt winter is. Ek it sukses fan de Nederlânske reedriders op de Olympyske Spelen hawwe positive effekten.
It kampioenskip is in gearwurking tusken Thialf en de iishal Ljouwert. Sy wolle it reedriden yn Fryslân promoatsje.