Lûdsoerlêst by Harnzer
Yn Harns hat de plysje tiisdeitejûn lûdsapparatuer út in hûs oan de Prinses Beatrixstrjitte yn beslach nommen. Omwenners hienen klage oer lûdsoerlêst. De bewenner wie al faker oansprutsen op lûdsoerlêst. Doe is ôfpraat dat syn guod meinaam wurde soe as der nije klachten wienen. De plysje makket proses-ferbaal op.