Noed ûnder fotografen oer NDC

Freelancefotografen yn it Noarden meitsje har grutte soargen oer de takomst. De nije kontrakten dy't se krije fan de grutste útjouwerij NDC holle neffens har it fak út. De ôfrûne trije jier ha de fotografen al in soad ynlevere. Tiisdeitejûn wie der in byienkomst mei hast alle freelancefotografen út it Noarden.
Se wolle sa gau as mooglik mei de haadredaksje fan de NDC prate oer de ynhâld fan de kontrakten en de betingsten.