Toppers nei Frysk damtoernoai

Wrâlddamkampioen Aleksander Georgiev en de nûmer twa fan de wrâld Jean-Marc Ndjofang sille meidwaan oan it ynternasjonaal Grutmastertoernoai Frysk Damjen yn Frjentsjer. It toernoai wurdt organisearre troch damklup De Rûge Wolf út Lollum en Waaksens. Georgiev en Ndjofang sille letter dit jier útfjochtsje wa't him de nije wrâldkampioen neame mei, mar ûnderbrekke har tarieding om inoar te treffen yn it Fryske spul.