Aldeboarn yn de ban fan Jorrit

19 feb 2014 - 11:23

Aldeboarn is in dei nei de gouden medalje fan doarpsgenoat Jorrit Bergsma noch hieltyd út de skroeven. Flaggen hingje út, der is spesjaal gebak, de skoalle fiert it feest ek mei en pake Ate Bergsma en beppe Aaltsje Brouwer binne fansels o sa grutsk op de reedrider. Hy wûn tiisdei yn in Olympysk rekôr de tsien kilometer en fersloech dêrmei Sven Kramer op de Spelen yn Sotsji.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)