VVD-moasje oer wynmûneparken

19 feb 2014 - 07:19

VVD Fryslân tsjinnet woansdei in moasje yn by de Steaten dêr't se yn easkje dat der in ynhâldlik ûndersyk dien wurdt nei de effekten fan wynmûneparken op it toerisme en de rekreaasjesektor yn Fryslân. De reden foar dit ûndersyk is it ûntbrekken fan konkrete sifers oer eventuele effekten. Neffens de VVD is it de ferantwurdlikheid fan de provinsje om soks út te sykjen.

Yn april sille de Steaten in beslút nimme oer de struktuerfisy wyn. Om in goed beslút nimme te kinnen, moatte alle effekten earst yn kaart brocht wêze, sa fynt VVD Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)